Marit Bouwmeester nimt kopposysje oer yn Hyères

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten hat de kopposysje oernaam yn de wrâldbekerwedstriid by it Frânske Hyères. De olympysk kampioene einige woansdei as njoggentjinde yn de tredde race fan de Laser Radial-klasse, mar kaam yn de fjirde race goed werom mei in twadde posysje. Dêrtroch giet Bouwmeester no oan kop yn it klassemint, mei acht punten.
De Amerikaanse Paige Railey folget mei njoggen punten. Viktorija Andrulyte út Litouwen stiet mei fjirtjin punten op it tredde plak.
Bouwmeester komt de kommende dagen wer yn aksje. Snein wurdt de lêste wedstriid, de medaljerace, fersyld.