LIVE: Wat gong der mis by de ferbouwing fan De Lawei?

26 apr 2018 - 10:45

In spesjale ûndersykskommisje fan de gemeente Smellingerlân ûndersiket wat der misgien is by de ferbouwing fan skouboarch De Lawei yn Drachten. Dêrfoar befreget de kommisje ferspraat oer twa dagen de belutsenen. Dat is streekrjocht te folgjen op de webside fan de gemeente Smellingerlân.

Tongersdei is it de twadde dei fan de ferhoaren. De eardere wethâlders Nieske Ketelaar (11.00 oere) en Marja Krans (13.30 oere) ferskine foar de kommisje. Krans wie as wethâlder ferantwurdlik foar De Lawei. As lêste ûnderfreget de kommisje noch de eardere controller Edgar Kuiper. Dat is om 16.00 oere.

Woansdei wienen Stef Avezaat (direkteur De Lawei), Evert Visser (gemeentlik projektlieder) en Tjeerd van Bekkum (doedestiids boargemaster) al oan bar.

De ferhoaren fine plak yn it Van der Valk-hotel yn Drachten. Se binne iepenbier en dus tagonklik foar publyk. 

(advertinsje)