Tanke sûnder te beteljen

Tanke © ANP XTRA
Op de A7 by Terwispel binne twa persoanen oppakt foar tanken sûnder te beteljen. It giet om in jonge fan 16 jier út Drachten en in 19-jierrige ynwenner fan Kornhorn yn Grinslân. De plysje hie in melding krige fan de stellerij. Neffens de meiwurker fan it tankstasjon wie it nûmerboerd fan de auto fan de fertochten ôfplakt mei tape.
De plysje seach in auto op de flechtstrook mei twa manlju dy't dwaande wiene wat fan de achterste kentekenplaat te heljen. Der leine ek stikken tape by. Beide manlju binne foar neier ûndersyk meinaam nei it buro.