Lit it MKB projekten dwaan

02 nov 2011 - 18:49

De lanlike feriening foar midden- en lyts bedriuwen yn de ynfrastruktuer ropt de trije noardlike provinsjes op oardel miljard euro oan grutte projekten útfiere te litten troch it MKB.

Der leit in bedrach fan trije miljard euro klear dat eins bedoeld wie om it Suderseespoar oan te lizzen. No't dat net trochgiet mei it Noarden dat jild brûke om oant 2020 mar leafst 28 projekten út te fieren, wêrûnder de spoarline It Fean-Grins fia Drachten.

(advertinsje)