Fryslân krijt yn Ljouwert twadde FlixBus-halte

25 apr 2018 - 19:44

Fryslân krijt der in nije halte fan FlixBus by. De oanbieder fan ynternasjonale busreizen tusken Europeeske steden sil tenei ek op Ljouwert ride. De nije halten fan Flixbus komme tusken april en juny.

Oant no ta hat FlixBus yn de twa noardlike provinsjes allinnich halten yn Drachten en Grins.

De busmaatskippij ferwachtet dit jier 3,5 miljoen minsken te ferfieren fia Nederlân. Ferline jier wienen dat noch 2 miljoen.

Trefwurden: 
Flixbus
(advertinsje)
(advertinsje)