FIDEO: Weromsjen op dei 1 fan de ferhoaren oer De Lawei

25 apr 2018 - 19:27

De haadrolspilers fan de ferbouwing fan skouboarch De Lawei ferantwurdzje harren woansdei en tongersdei foar de flaters dy't makke binne by de ferbouwing. In spesjale ûndersykskommisje ûnderfreget yn Hotel Van der Valk yn Drachten twa dagen lang belutsenen. It is de bedoeling dat de ûnderste stien boppe komt.

Earste lyk út de kast

It earste lyk kaam woansdeitemoarn direkt út de kast. Direkteur Stef Avezaat fertelde dat de ferbouwing 1,7 miljoen mear koste hat as raamd. "Ik kan mezelf in de spiegel kijken. We hebben een goed en veilig gebouw. Daar ging het om. Ik ben trots op het team. De mensen die eraan hebben gewerkt, hebben hun verantwoordelijkheid genomen."

Swier middel

De riedskommisje heart minsken ûnder ede. It is de bedoeling dat de boargers sjen litten wurdt dat alles ûndersocht wurdt en dat neat achterholden wurdt. "Het is heel uniek, dat geeft al aan hoe zwaar dit middel is", seit Tjeerd van Bekkum. Hy wie doe boargemaster fan Smellingerlân. "En waar gaat het over? Deze informatie was er al gewoon. Maar als het vertrouwen geeft dat mensen het nu onder ede zeggen, prima."

Tongersdei dei 2

Tongersdei om 11.00 oere begjint de twadde dei fan ferhoaren. Nieske Ketelaars en Marja Krans, beiden earder wethâlder, binne earst oan bar. Krans wie doe ferantwurdlik foar De Lawei. Letter wurdt Edgar Kuipers ek noch ferheard. Hy wie controller.

(advertinsje)