Swiere mishanneling op 't Fean

Geweld © Omrop Fryslân
In 17-jierrige Amsterdam is sneontejûn oanhâlden foar swiere mishanneling op It Hearrenfean. In 19-jierrige jonge út Aldehaske soe by it NS-stasjon oanfallen wêze troch in groepke fan fjouwer. De plysje fûn de man ferwûne op strjitte. Hy wie net oansprekber.
Tsjûgen wiisden de plysje ien fan 'e fertochten oan dy't op it Stasjonsplein fytste. De Amsterdammer is oppakt en nei it plysjeburo oerbrocht. De jongeman út Aldehaske is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.