Foarearst gjin nij skoalgebou Dockinga College yn Ferwert

25 apr 2018 - 18:24

Der komt foarearst gjin nij skoalgebou fan it Dockinga College yn Ferwert. De kosten fan de nijbou, dêr't de skoalle al jierren plannen foar hat en mei de gemeente oer yn petear is, soene te heech wêze. De gemeenteried fan Ferwerderadiel stimde yn 2015 yn mei nijbou fan de lokaasje fan it Dockinga College yn Ferwert. De lokaasje oan 'e Great Sminia yn it doarp is ferâldere en foldocht net mear oan de easken fan dizze tiid.

No't de nijbou net trochgiet, wol de skoalle dat goedmeitsje mei in nij ûnderwiiskonsept. It ûnderwiis yn Ferwert soe persoanliker wurde moatte, mei romte foar fleksibele oeren en fakoerstiigjend wurkjen.

Neffens it Dockinga College moat nijbou yn de takomst wol mooglik en helber wêze.

Trefwurden: 
Dockinga College Ferwert
(advertinsje)