FIDEO: Escher moat kassukses fan it Fries Museum wurde

25 apr 2018 - 20:05

It moat it kassukses fan it Fries Museum fan 2018 wurde: de tentoanstelling 'Escher op Reis', dy't no sneon fan start giet. M.C. Escher is ien fan de bekendste keunstners fan de wrâld, mar dat hy út Ljouwert kaam, dêr hat Fryslân én it Fries Museum oant no ta noait safolle oandacht oan bestege, mar no wol. 

It museum kiest derfoar om it persoanlike ferhaal te fertellen. De ûntwikkeling fan Escher yn syn libben, jeugd yn Ljouwert, oplieding Haarlem, reizen nei Italië, it Alhambra yn Spanje, Switserlân. Der is in soad te sjen. Kinst as besiker tichtby Escher komme, hoe't hy wurke, wat hy makke.

Trefwurden: 
Escher Fries Museum
(advertinsje)