Auto botst efterop frachtwein by Aldehaske

25 apr 2018 - 17:34

Op de A7 by Aldehaske hat woansdeitemiddei in ûngelok west. In persoane-auto botste efterop in frachtauto. Dat wie op de rydstrook fan Aldehaske nei De Jouwer. De bestjoerder bedarre nei de botsing mei de frachtauto yn de middenberm. De frachtauto is nei de flechtstripe ta riden. De belutsen persoanen binne troch ambulânsepersoniel ûndersocht. It is op it stuit net bekend oft sy ferwûne rekke binne.

Trefwurden: 
Aldehaske auto-ûngelok
(advertinsje)
(advertinsje)