Mear minsken komme om by ûngelokken mei e-bikes

Ungelokken mei e-bikes easkje hieltyd mear libbens. Dat docht bliken út sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk. Yn 2017 ferstoaren 57 minsken troch in ûngelok mei in elektryske fyts. Dat is goed 42 prosint mear as yn 2016, doe't 40 minsken op in e-bike om it libben kamen. Fan alle fytsers dy't yn it ferkear omkamen, siet in kwart op in e-bike. Fierwei de measte slachtoffers binne âlderen.
It oantal ferkearsdeaden naam it meast ta yn de provinsjes Súd-Hollân, Grinslân en Oerisel. Yn oare provinsjes, lykas Fryslân, bleau it oantal gelyk. Allinnich yn Brabân wienen minder fatale ûngelokken. Opfallend is dat der foar it earst mear fytsers om it libben kamen as ynsitters fan auto's.
Tips
By fytsesaken binne se wol bekend mei ûngemakken. De Jong fan Bike Totaal út Wommels leit derom ek altyd út hoe't de elektryske fyts wurket. "Eigentlik noch te min, mar ik sjoch wol nei de persoan dy't de fyts keapet en jou dan tips", fertelt Johan de Jong.
Yn Drachten binne se ek net ûnbekend mei in falpartij, al falt it ta, neffens Siemon Hansma fan fytsesaak Giant Store. "De meast foarkommende ûngelokken binne by it opstappen", fertelt Hansma. 'Dat minsken opstappe wylst de motor al oanstiet", seit er. Minsken sette de traper noch efkes goed en dan sjit de fyts fuort. "Ek komme minsken neist de dyk telâne omdat se net goed útsjogge", fertelt er. "Se sjogge om harren hinne en komme dan neist de dyk. Se wolle dan de dyk wer op en dan falle se om", seit hy. Mar de grutste oarsaak fan in ûngelokje is it reaksjefermogen. "Dat se dus té let wat sjogge en dan noch snel remje moatte en omfalle", seit Hansma.
Uni-model
Dochs riedt Hansma it net ôf om in elektryske fyts te keapjen. Der is foar elk persoan wol in fyts te krijen. "De measte minsken keapje ek in damesfyts, dat hjit no in uni-model. Dêrmei ha manlju gjin lêst mear fan de stang by it op- en ôfstappen", fertelt Hansma. Fierder hat Siemon Hansma noch in oantal tips om feilich op de fyts te sitten: "Sjoch goed út, sjoch goed út en ja, set 'm net te rap en set 'm net te heech kwa ûndersteuning."