Foarstellings Oerol ôfsein

17 jun 2012 - 13:19

Troch de hurde wyn binne sneon in fjouwertal foarstellings op it Oerolfestival op Skylge net trochgien. Snein is ien foarstelling ôfsein, in oarenien is ferhuze nei in oar plak. It festival hat minder lêst hân fan de rein. Sneontemoarn om sawat njoggen oere waard it droech op it eilân.

Tryater bringt op Oerol it nije stik Hjir! fan Henk Swart, bekend fan de mimegroep Suver Nuver fan Friezen yn Amsterdam. De reaksjes op it ymprovisaasjeteater by de Badwei by Hoarne binne wikseljend. De premjêre wie sneon.

Trefwurden: 
Oerol
(advertinsje)
(advertinsje)