Elkien ferheget hier mei ien prosint foar measte hierders

25 apr 2018 - 16:59

Foar de measte hierders fan wenningkorporaasje Elkien giet de hier dit jier mei 1 persint omheech. Dat is leger as de boppegrins fan 3,9 persint dy't bepaald is troch de ryksoerheid. Elkien seit dat de korporaasje it belangryk fynt om wenjen betelber te hâlden foar de klanten, seker as dy in leger ynkommen hawwe.

Der binne wol hierders dy't in ferheging fan mear as 1 persint foar de kiezzen krije. By húshâldens mei in ynkommen heger as goed 41.000 euro wurdt in ynkommensôfhinklike hierferheging tapast. Dy kin oprinne oant wol 5 persint ekstra hier. Dêrmei wol Elkien it sinjaal ôfjaan dat sosjale hierwenningen fral bedoeld binne foar minsken mei in beheind ynkommen.

(advertinsje)