Kampus foar duorsume enerzjy op de Skinkeskâns wurdt boud

25 apr 2018 - 16:54

In ambisjeus miljoeneprojekt oan de râne fan Ljouwert. Dêr moat op de Skinkeskâns in enerzjykampus komme foar de produksje fan duorsume enerzjy en foar de festiging fan bedriuwen en ûnderwiisynstellings dy't harren dwaande hâlde mei duorsumens.

Op de kampus moatte ûnder oaren in sinnepark, in wetterakku en in biogasynstallaasje komme. Dêrmei moatte 8000 wenningen yn de stêd fan elektrisiteit foarsjen wurde. Uteinlik sille mear as hûndert minsken in baan fine op de kampus.

De earste oanset foar de plannen datearret al fan tsien jier lyn.

It projekt kostet yn de earste faze fan sa'n trije jier likernôch 60 miljoen euro. Yn de jierren dêrnei kin dat bedrach oprinne oant in lytse 200 miljoen euro. By de bou leit de klam op sirkulêr bouwen.

(advertinsje)
(advertinsje)