Nijbou nij wensintrum Noorderbrug yn Ljouwert fan start

De bou fan it nije wen- en talintesintrum fan soarchorganisaasje Noorderbrug yn Ljouwert is woansdei úteinset. It nije gebou moat oer in goed jier plak jaan oan 72 apparteminten, dy't oan alle soarcheasken foldogge. Dat moat ek wol om in goed plak te bieden oan de kliïnten fan de Noorderbrug, dy't net oanberne harsenletsel en spiersykten hawwe. Op it stuit sitte se noch ferspraat oer fjouwer lokaasjes yn de stêd, mar dat moat oer in goed jier dien wêze. It nije gebou stiet oan de Oostergowei yn Ljouwert, tsjinoer hegeskoalle Van Hall Larenstein. Neffens direkteur Marianne van der Harten sille der noch wol wat oanpassingen dien wurde moatte oan de omjouwing. Sa moatte der plakken komme dêr't buskes stean kinne, dy't de kliïnten ferfiere moatte. Ek sil der mear grien komme yn de buert fan it gebou.
It bouboerd is ûntbleate troch de nije bewenners fan it kompleks. Ek hawwe guon harren winsken foar de nije apparteminten opskreaun. Dy binne, symboalysk, op de earste heipeal plakt. Wethâlder Henk Deinum en direkteur Van der Harten hawwe it startskot jûn foar it yn de grûn gean dy earste heipeal. Kliïnten fan de Noorderbrug dy't net by de starthanneling wêze koene, hoegen neat te missen. Der wie spesjaal foar harren in fideo-ferbining opset, sadat se alles live folgje koene út harren eigen lokaasjes wei.