LIVE: Iepen Up oer farferhalen

25 apr 2018 - 18:30

Nei it sukses fan IepenUP Live oer reedrydferhalen begjnne we de simmer mei in jûn fól farferhalen en wetterpoëzy! Bekende skriuwers, skippers en dichters fertelle dizze jûn har favorite far- en wetterferhalen. Elkenien is wolkom yn poppoadium Neushoorn om mei te praten en meisjen kin fansels ek online fan 20.00 oere ôf fia de livestream hjirboppe.

Te gast binne Maartje Wortel, Chris Polanen, Asis Aynan, Marleen Stelling, Nina Polak, Age Veldboom en tal fan oaren. De muzyk komt fan De Dopegezinde Gemeente.

Auteur Maartje Wortel publisearre koarte ferhalen yn literêre tydskriften en skriuwt kollums. Se fertelt oer de rol fan wetter yn har jeugd. De yn Suriname berne Amsterdammer Chris Polanen skreau it boek "Waterjager" oer de dyktrochbraak by Paramaribo. Skriuwer Asis Aynan draacht foar en ek sjoernalist Marleen Stelling draacht foar. Nina Polak fertelt oer har boek "Gebrek is een Groot Woord". Age Veldboom fertelt oer skûtsjes, Peter de Koe en Bas Krom prate oer har aventoeren. Dichter Piter Yedema stoar sneon. Hy soe ek foardrage. Kollegadichters bringe in earbetoan oan him.

Alles kin yn IepenUP

Diskusje, optredens, lêzingen, fideos en muzyk; yn de wyklikse talkshow IepenUP yn poppoadium Neushoorn kin alles. Alle woansdeis steane yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal; hoe libje wy mei syn allen, watfoar subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaie komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is ek te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

Trefwurden: 
Iepen UP wetter
(advertinsje)
(advertinsje)