Weststellingwerf begjint mei bestriding ikeprosesjerûp

De gemeente Weststellingwerf begjint dizze wike wer mei de previntive bestriding fan de ikeprosesjerûp. In hofkersbedriuw út Uffelte bespuitet de ikebeammen yn de gemeente dizze wike mei nematoden. Dat binne lytse wjirmkes, dy't soargje foar in ynfeksje fan de rûpen. It giet om in biologyske wize fan bestriden, dy't neffens de gemeente net skealik is foar minsken of oare bisten. As de ikeprosesjerûp folwoeksen is, krijt dy brânhierren en dy kinne by minsken soargje foar jûkte, hûdútslach en yrritaasje oan de eagen en de luchtwegen.
De gemeente besjocht alle jierren yn hokker beammen de larven fan de ikeprosesjerûp sitte. Op plakken dêr't in protte minsken delkomme, wurdt dêrnei de bestridingsaksje dien. Neffens de gemeente litte de ûnderfiningen fan eardere jierren sjen, dat gemiddeld 90% fan de rûpen sa bestriden wurde kin.