Steaten lilk op Arriva om ynset fan oare bussen as ôfpraat

© Omrop Fryslân, Alle Faber
Provinsjale Steaten binne net te sprekken oer it nijs dat ferfierbedriuw Arriva oare bussen ynset yn de konsesje Súdeast-Fryslân. De ferfierder lit dêr bussen fan ferskate gebieten troch elkoar hinne ride. De provinsje waard dêr op wiisd troch ferfierder Qbuzz. Dy ferlear de konsesje oan Arriva, mar seit dat it ferfierbedriuw fan It Hearrenfean him net oan de regels hâldt.
Diselbussen
Arriva rydt boppedat mei diselbussen op de waadeilannen Skylge en It Amelân, en net sa as ôfpraat mei elektryske bussen.
"Lytse oertredings"
De provinsje hat yntusken oerlis hân mei Arriva en hat it oer ynsidinten yn de oanrin fan de nije konsesjes. Arriva hat in plan fan oanpak makke om de problemen op te lossen. De provinsje sil dit noch beoardiele. Mocht it plan net oan de regels foldwaan, dan driget de provinsje mei boetes.
Neffens CDA, GrienLinks en D66 hie deputearre Kramer harren earder ynljochtsje moatten. Yn antwurd dêrop seit Kramer dat it lytse oertredings wienen en dat de reizgers net yn gefaar west ha.