Selstraffen foar oerfal en mishanneling antykhanneler Nes

25 apr 2018 - 15:36

Foar de oerfal op en it mishanneljen fan in antykhanneler út Nes, gemeente Hearrenfean, binne troch de rjochtbank lange finzenisstraffen oplein.

7 en 6 jier

Twa fertochten krigen 7 en 6 jier finzenisstraf. Sy hawwe harren skuldich makke oan de oerfal en de mishanneling fan de 73-jierrige Nesker. Dizze straffen binne in jier leger as de eask.

Finzenis yn stee fan taakstraf

Tsjin in tredde man, dy't de tariedings dien hie foar de oerfal, wie troch justysje in taakstraf easke. De rjochter fûn lykwols dat dizze man krekt as de oare twa ek in finzenisstraf krije moast. Hy moat 4 jier de sel yn.

In famyljelid fan dizze man hat 4 moanne selstraf krigen foar it helen fan it stellen guod. De oerfal fûn oerdei yn juny 2016 plak.

De antykhanneler is troch de oerfallers mishannele en yn tape bewûn foar't se der mei tafelsulver en antyk fan troch gienen.

Trefwurden: 
Nes (Akkrum) oerfal Strikel
(advertinsje)