Woeste Liuwefontein teplak yn Warkum

25 apr 2018 - 15:14

Yn Warkum is woansdeitemoarn de Woeste Liuwefontein op syn plak takele, troch wurknimmers fan oannimmer De Boer & De Groot. It giet om ien fan de alve fonteinen fan it 11fountains-projekt, yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018. De fontein fan Warkum is de earste dy't pleatst wurdt yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

De fontein yn Warkum, dy't ûntwurpen is troch Cornelia Parker, bestiet út twa donkerbrune liuwen fan sa'n fjouwer meter heech. De moannen fan de liuwen binne foarsjoen fan blêdgoud. Ut de klauwen fan de liuwen sil aansten wetter spuitsje. De kommende dagen wurdt dêrfoar de wettertafier regele.

Moandei wurdt ek de fontein fan Snits pleatst. Dy komt yn it wetter fan it Hoogend, op de hichte fan it Grootzand. En moandei wurdt ek in begjin makke mei de fontein fan Hylpen.

(advertinsje)