Plysjeynfallen yn Ljouwert en De Westereen om cybercrime

25 apr 2018 - 13:43

Mei ûnder oaren plysjeynfallen yn wenten yn Ljouwert en De Westereen hat de plysje yn Nederlân brûkers fan de grutste cyber-kriminele webside Webstresser.org oanholden. Troch dizze yllegale webside koenen DDos oanfallen kocht wurde, hjirmei kinne webtsjinsten platlein wurde. Tiisdei binne mei in grutte plysje-aksje, ûnder oaren yn Servië en Kroäsië, al de wierskynlike behearders fan de webside opspoard.

Ek yn Hilversum is in wierskynlike behearder fan de webside oppakt troch de plysje. De plysje tinkt mei dizze oanhâldingen in grutte slach dien te hawwen yn de striid tsjin cybercrime. Troch dizze oanfallen binne koartlyn ûnder oaren websiden fan de belestingtsjinst, it UWV, banken en kabelbedriuwen platlein. It Iepenbier Ministearje wol ek brûkers fan dizze webside strang oanpakke. Se wurde ferfolge en sille de skea fergoedzje moatte. 

Trefwurden: 
cybercrime DDos plysje
(advertinsje)