Terminals yn Harnzer haven koarte tiid ûntromme

25 apr 2018 - 12:14

De terminals fan Rederij Doeksen yn Harns hawwe koarte tiid ûntromme west troch reekûntwikkeling fan in pelletkachel. Ut foarsoarch kamen meardere ienheden fan de brânwacht nei de fertrekhallen ta. Neffens direkteur Paul Melles fan Rederij Doeksen wie de sitewaasje gau ûnder kontrôle. "Een monteur was met onderhoud bezig aan de pelletkachel, waarna er veel rookontwikkeling ontstond", sa seit Melles.

De blusgroepen út Harns en Frjentsjer hoegden net yn aksje te kommen. De plysje hat koarte tiid dwaande west om te helpen by de ûntromming.

Trefwurden: 
brân Harlingen Doeksen
(advertinsje)