Nije tsjinfaller by ferbouwing De Lawei

25 apr 2018 - 11:58

De ferbouwing fan De Lawei yn Drachten yn 2014 hat folle mear jild koste as dêr't yn it foar fan útgien wie. Dat die woansdeitemoarn bliken by it iepenbier ferhoar fan direkteur Stef Avezaat fan De Lawei. Neffens Avezaat wie der 1,7 miljoen ekstra nedich om de arbitraazjekosten te beteljen,  nei it ûntbinen fan it kontrakt mei oannimmer Van Norel. Ek wie der mear jild nedich foar it ôfbouwen fan de skouboarch. Dit bedrach komt noch boppe-op de 14 miljoen dy't de gemeente Smellingerlân beskikber steld hie foar de ferbouwing fan de skouboarch.

Ek moast de gemeente noch hast 4 miljoen betelje oan oannimmer Van Norel. De Lawei hat dit bedrach betelle, mar hopet dat de gemeente oan dizze ekstra kosten bydrage wol. De gemeenteried moat hjir noch in útspraak oer dwaan.

Trefwurden: 
De Lawei Drachten ferbouwing
(advertinsje)