Nij wetter- en kitesurfsintrum Warkum liket fan de baan

25 apr 2018 - 11:33

In nij wettersport- en kitesurfsintrum by camping It Soal by Warkum liket fier fuort nei in útspraak fan de Ried fan Steat. De steatsried seit dat de gemeente Súdwest-Fryslân de fergunningoanfraach fan inisjatyfnimmer Michael Fölling op tiid ôfwiisd hat. De rjochtbank yn Ljouwert hie earder sein dat de gemeente te let wie en dat Fölling dêrmei automatysk in fergunning krije moast. Hoewol't de gemeente net meiwurkje woe oan de plannen, moast se wol in fergunning ôfjaan. Súdwest-Fryslân stapte nei de Ried fan Steat, dy't de fergunning no ferneatige hat.

As de fergunning al yn stân litten wie, dan wie de kâns dat it nije wettersportsintrum der kaam lyts. Fölling wol syn gebou op gemeentegrûn delsette en dy wol der net oan meiwurkje. Boppedat soe earst it besteande wettersportgebou sloopt wurde moatte.

(advertinsje)