Undersyk plysje nei skea auto

17 jun 2012 - 11:25

De auto fan in ynwenner fan Molkwar (30) hat ferline wike skea oprûn, doe't der in ûnbekend foarwurp troch de ruten fleach. Dat gebeurde doe't de man op de Sudergoawei by Koudum in oare auto tsjinkaam. It foarwurp fleach troch it foarrút de auto yn en troch it achterrút der wer út. Dêrby ûntstie de nedige skea.

Plysjeminsken hawwe by de dyk noch socht nei it foarwurp, mar dat net fûn. Dêrom wurde minsken dy't mear witte fan it foarfal frege har te melden. Dat wie ôfrûne tongersdei, oan it begjin fan de middei.

Trefwurden: 
auto Koudum skea Sudergoawei yoga
(advertinsje)