Eaststellingwerf wol fierder mei deselde koälysje

25 apr 2018 - 10:57

OoststellingwerfsBelang, de VVD en it CDA yn de gemeente Eaststellingwerf wolle de kommende fjouwer jier mei-inoar fierder yn in koälysje. De trije partijen sieten de ôfrûne fjouwer jier al mei-inoar yn it kolleezje en binne tefreden oer dy gearwurking. OoststellingwerfsBelang skoot Esther Verhagen fan Makkingea en Jouke Jongsma fan Donkerbroek nei foaren as kandidaat-wethâlders. De wethâlders fan it CDA en de VVD binne noch net bekend. De trije partijen hawwe tolve sitten yn de ried.

Ynformateur Lute Pen fan Dronryp, santjin jier wethâlder fan de eardere gemeente Menameradiel, joech tiisdeitejûn tekst en útlis oer syn petearen mei alle fraksjes.

Trefwurden: 
koälysje Eaststellingwerf
(advertinsje)