Lintsje foar fuotbalman

17 jun 2012 - 10:29

Boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân hat sneontemiddei in kenklike ûnderskieding útrikt oan Wiebe Kamminga út Kollumersweach. Kamminga krige syn lintsje yn de kantine fan fuotbalferiening Friese Boys yn syn wenplak. By dy fuotbalferiening is er al jierrenlang bestjoerslid en frijwilliger.

Ek hat Kamminga bestjoerslid fan pleatslik belang west en docht er frijwilligerswurk foar Het Lichtpunt yn Kollumersweach. Kamminga is beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau.

(advertinsje)
(advertinsje)