Spoarbrêge krijt Bert Swartbrêge as namme

25 apr 2018 - 10:04

De nije spoarbrêge oer it Van Starkenborghkanaal by it Grinslanner Zuidhorn is ferneamd nei de eardere boargemaster fan Skiermûntseach, de yn juny ferline jier ferstoarne Bert Swart. Swart wie fan 2011 oant 2017 boargemaster fan de gemeente Zuidhorn, derfoar wie hy sân jier boargemaster fan it Waadeilân. Woansdei wurdt in keunstwurk by de brêge, dat nei Swart ferwiist, ûntbleate.

Trefwurden: 
spoarbrêge Bert Swart
(advertinsje)