Slachte-organisaasje tefreden

17 jun 2012 - 09:51

De organisaasje fan de Slachtemaraton is hiel tefreden oer it ferrin fan de tocht fan sneon. Hoewol't de rein moarns op plakken foar in glêd parkoer soarge, wiene der net mear útfallers of ferwûnen as oars. It ferfier fan de kuierders fanôf de finish yn Easterbierrum is dit kear ek goed ferrûn. By in foarige edysje smiet dat noch flinke problemen op.

Ien fan de punten dy't yn 2016 better kin, is it bringen fan de hurdrinners nei de start. Trochdat de lêste bus fêst kamen te sitten tusken auto's fan kuierders, rûn dy start fertraging op.

De organisaasje fan de Slachtemaraton sit letter dizze wike om tafel om te praten oer de folgjende edysje. Der wurdt by de byienkomst benammen sjoen nei de saken dy't net goed ferrûn binne, sadat se yn it draaiboek oanpast wurde kinne. Begjin july wurdt der evaluearre mei de doarpen oan de rûte.

(advertinsje)