Fryske oername Het Sportpaard

© Omrop Fryslân
It Ljouwerter bedriuw Eisma Media Groep út Ljouwert nimt fan 1 jannewaris ôf de útjou-aktiviteiten fan BV Het Sportpaard oer. It giet om sawol de print as de online útjefte fan it nijsblêd Het Sportpaard. Dêryn is ûnder oare it nijs oer hynstefokkerij, dressuer en springsport fan hynders te lêzen. Mei de oername komme ek de haadredakteur en in oantal freelancers mei. Dy meiwurkers bliuwe lykwols yn Doetichem oan it wurk.