Houliksoansyk op Slachtefinish
Slachterinster Karin út Akkrum hat op de einstreek fan de tocht in houliksoansyk krigen fan har freon Tom. Dy gie troch de knibbels doe't Karin oer de finish kaam. Dat kaam har alhiel oer it mâd, mar se sei fuort 'ja'.
In ferlovingsring paste net mear om har fingers omdat dy opsetten wiene. Takom jier yn de simmer sille Tom en Karin trouwe.