Slachterinners nei sikehûs
Fjouwer minsken binne oant no ta nei it sikehûs rekke by de Slachtekuiertocht. Sechtsjin minsken hiene medyske help nedich. Fan de minsken dy't nei it sikehûs rekken, hawwe twa hertklachten en de oare twa in epileptyske oanfal.
De gegevens binne bekend makke troch haad medyske saken Tsjits de Bruin fan de EHBO-post by de einstreek. Der binne oant no ta minder sûnensproblemen as de foarige kear, fjouwer jier ferlyn. De kuiertocht hat 13.000 dielnimmers. Oant sneontejûn healwei alven mei der noch finishe wurde.