Rjochtsaak oerfal Aldskoat

02 nov 2011 - 18:44

Trije fertochten út Wolvegea fan in grut oantal oerfallen en berôvings stean tongersdei foar de rjochter. Ien fan de slachtoffers, Krista Brander, wurket noch hieltyd yn de snackbar yn Aldskoat dy't hast in jier lyn mei geweld oerfallen waard.

Brander is net by de behanneling fan de saak. "Tefolle stress", seit se. Se is der aardich yn slagge om it barren te ferwurkjen, mar no komt alles dochs wer boppe. Se hopet dat de jonges noch in pear jier fêstsitte.

(advertinsje)