Eare foar omkommen brânwachten

© Henk Stoelwinder
Fryske brânwachtkorpsen hawwe sneontemiddei in eareteken brocht oan kollega's dy't by harren wurk om it libben kaam binne. Se diene dat troch in krús te foarmjen fan twa wetterstralen. De measte korpsen yn Fryslân diene mei oan dy betinking. Sa waarden earetekens foarme by de kazernes fan It Hearrenfean, Ljouwert, Frjentsjer, Beetstersweach, Wolvegea, De Gordyk en Drachten.
Sneon waard ek in nationaal monument ûntbleate foar alle sechtich minsken fan de branwacht dy't sûnt de Twadde Wrâldoarloch ferstoarn binne by it wurk.