Amels wint NK heechspringen

16 jun 2012 - 16:02

Op it Nederlânsk kampioenskip atletyk yn Amsterdam is Douwe Amels fan Drachten opnij Nederlânsk kampioen heechspringen wurden. Yn it Olympysk Stadion wist Amels as iennige oer in hichte fan 2.18 te springen.

Amels (20) waard ek al twa kear yndoar kampioen. Ferline jier waard er foar it earst bûtendoar Nederlânsk kampioen mei in sprong fan 2,16 meter. Om de Olympyske Spelen fan 2016 te heljen moat syn PR fan 2.21 nei 2.31 opskroeve wurde.

Trefwurden: 
Douwe Amels heechspringen
(advertinsje)