Optein oer Slachtefinish

16 jun 2012 - 15:50

Nettsjinsteande de wiete start yn Raerd komme de kuierders fan de Slachtetocht nei 42 kilometer fleurich en optein oer de finish yn Easterbierrum. Yn de rin fan de dei luts de rein fuort en kaam de sinne derby. It lêste stik nei de finish is noch wol bestruid mei strie omdat it wat glysterich wie. Fierders is it sompige terrein by de finish troch de hurde wyn en de sinneskyn goed yndroege. It waait noch wol stevich.

Der dogge 13.000 kuierders en 1300 hurdrinners mei. De âldste dielnimmers is in man fan 92 jier, de jongste in jonkje fan 9

By de start yn Raerd binne se no oan it opromjen en dêr giet alles goed. Foar de parkearplakken wiene foar de wissichheid rydplaten besteld, mar dat hie feitliks net hoegd. Der wiene in soad minsken dy't buskaarten besteld hiene om by de start te kommen. Lang net elkenien hat dy buskaart ek echt brûkt. In soad minsken hawwe harren bringe litten mei de auto.

Trefwurden: 
Slachtemaraton finish
(advertinsje)