Teloarsteld oer natuerbelied

16 jun 2012 - 15:37

De partij Ferliene Lofts fynt dat deputearre steaten him liede lit troch jild en lânboubelangen yn stee fan it eachmerk fan natuerbeskerming. De partij is teloarsteld dat it provinsjebestjoer de lânbou in soad romte jout foar skaalfergrutting en net ynset op natoer- en miljeubehâld.

Fan it budzjet foar plattelânsprojekten yn Súdwest-Fryslân wurdt mar 10 persint fan it taseine jild útkeard. Der wurde neffens Feriene Lofts boppedat ek gjin stappen naam om it tebekrinnen it tal greidfûgels op te kearen.

Feriene Lofts sit sûnt de lêste ferkiezings net mear yn provinsjale steaten.

(advertinsje)