Slachte rinne 'op bananen'

Friezen binne sljocht op bananen. Dat seit de wurdfierder fan in gruthannel yn bananen út Rotterdam dy't ek oan de Poiesz-supermerken leveret. De gruthannel stie by de Slachtebrêge by Wommels mei 114 doazen mei mei-inoar 16.000 bananen. Dy wiene middeis om healwei fjouweren allegearre skjin op.
Hast alle kuierders nimme in banaan, mar de maratondravers ek. De organisaasje sei dat se gjint hoegden. De skilen wurde netsjes yn pûden dien, sadat gjinien útglidet en wat brekt.