Man oerfallen yn Drachten
In 58-jierrige Drachtster is freedtenacht op de Raai yn syn wenplak oerfallen. De man seit dat er fan achteren oanfallen waard troch meardere mannen. Hy waard op de grûn wurke en syn mobile tillefoan en beurs waarden stellen.