Kollum: "Mars fan Harns"

25 apr 2018 - 08:08

"Jo kinne op sneon 2 juny oansteande net nei de lanlike en brokante túnfair yn Ryptsjerk, whatever it ek may be. De muzyk op it Oranjewâld Festival giet oan jo foarby. Lykas de Bachestafette yn Ljouwert en it muzykspektakel fan de Lemster toer. Al dy lju yn dy moaie kleurige pakjes út 1588 foar it skitterjende en massale histoarysk sjochspul yn Sleat steane foar lul: jo binne der net. De Abe Bonnema expierence yn Ljouwert, de Overtuinen Fair yn Drylts, in Jammerlijck Klaachlied yn Warkum en it Fluitskip yn Hylpen, dêr stiet nearne in hûn te harkjen. En de trein fan Taal op it spoar sit hartstikkene leech. Watte, al dy oare hûndert oare eveneminten moatte it 2 juny ek sûnder folk dwaan.

Want elk moat dy dei nei Harns. Jo ek. Dêr is nammentlik in demonstraasje. Tsjin gas- en sâltboarringen ûnder Waadsee.

No moat ik de jongere harkerkes earst efkes fertelle wat demonstraasjes eins binne. Tsjintwurdich demonstrearje je nammentlik inkeld troch Nee op jo telefoan oan te appen. Dan hear je ynienen by de tûzenen dy’t in ûnnoazel referindum oer de donorwet stypje. Of jo protestearje tsjin tefolle fertsjinjende bankdirekteuren. Of jo freegje om de kladbryfkes oer de dividintbelesting yn te sjen. Jo kinne jo soarch kwyt yn jo telefoan.

Eartiids giene wy te demonstrearjen. Ik ha noch gatten yn in stik greide tusken Nij Beets en Beetstersweach slein, tegearre mei Joop van den Berg. Dan yn optocht en foar elke tsien deaden yn Fjetnam setten wy in krús yn sa’n gat. En dy manmachtige demonstraasje tsjin kearnwapens yn Amsterdam: geweldich. En it moaie wie, lang om let krigen jo ek noch gelyk.

We stutsen massaal de fûsten omheech, joelen de ministers út, namen in pilske en giene wer nei hûs. Moaie dei hân. Lekker foar it gefoel. Dat dogge se dus no op 2 juny yn Harns. De Mars door Harns, sizze de Hollanners dan.

Mei syn hûnderttûzenen lûke we op nei it byld fan de Stiennen Man. Al sille we boargemaster Roel Sluiter, in âld-kommunist, dus dy hâldt fan demonstraasjes, wol net oan de kant krije, mar ik tink dat Lutz Jacobi yn it skaad fan De Robles wol oan it wurd komt. Se begjint nije wike as direkteur fan de Waadferiening; dan moat se in moanne hin en wer farre nei alle eilannen en dan kin se dus op 2 juny moai ferbaal los.

Sjoch, de Waadferiening is yn 1965 oprjochte, om't der wat Fryske idioaten twa dammen oanlizze woene nei It Amelân. De Waadferiening demonstrearre. Dat wol sizze, der wienen tsientûzenen leden en dy ûnderskreaune automatysk alles wat de Waadferiening woe en benammen nét woe. Sa krige de Keamer dan, krekt as no, tûzenen hantekeningen binnen. Spitich fan dy taktyk wie dat it ferhaal fan ús Waadsee altyd behoffene is troch de Amsterdamske grachtegordel, dy wie manmachtich lid en bepaalde wat der barde.

Dus rinne op 2 juny wierskynlik de Jesse Klavers en Lilian Marijnissens foarop. Want yn de Fryske polityk sjoch ik gjin minsken dy’t ferbaal sa goed ûnderlein binne yn soksoarte ûnderwerpen dat de media dêrfan út de skroeven reitsje en soargje dat it ferhaal dûbeld sa hurd oankomt yn Den Haach. Freek de Jonge moast Grins ommers ek rêde, noarderlingen kinne dat blykber net.

Us provinsjaal bestjoer mompelet ek wol ris sunich wat oer boarringen, mar ik sjoch se 2 juny ek noch net foarop rinnen yn Harns. Dy moat dan fêst nei Sleat of Drylts. Retze van der Honing fan GrienLinks is it iennichste steatelid dat meitoffelet, mar dy is sadanich âld dat er him al werom lûkt yn de Hearrenfeanse ried. Theunis Piersma wurdt ek neat, want elke boer kin syn bloed wol drinke en jo moatte ek de boeren mei ha yn it ferhaal, want de fersilting yn it noarden komt fan it sâlt. En fierder binne we stil, roppe net lûd.

Mar wat is it no moai dat wy yn dit soarte omstannichheden net mear ôfhingje fan de Hemmo Muntinghs en de Arjan Berkhuysens. Dat we no sels it Fryske lûd en gefoel oer de Waadsee heare litte kinne. Ik ha der suver al sin oan. Demonstraasje.

Bliuw fan ús Waadsee ôf. En fan Lutz."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)