Bysûndere draai koälysjefoarming Dantumadiel

24 apr 2018 - 22:53

De koälysjefoarming yn Dantumadiel hat in bysûndere draai krigen, no't de winner fan de ferkiezingen, it CDA, plakmeitsje moat foar Gemeentebelangen Dantumadiel. De gemeenteried fan Dantumadiel stimde tiisdeitejûn mei tsien tsjin sân yn mei de moasje om te ûndersykjen oft in koälysje helber is mei Sociaal Links, Gemeentebelangen Dantumadiel en ChristenUnie. De moasje waard troch dizze trije partijen sels yntsjinne.

Earder dizze wike rûn de koälysjefoarming noch stikken, doe't de ChristenUnie út de ûnderhannelingen stapte. Under lieding fan ynformateur Arie Aalberts waarden de lêste wiken petearen fierd tusken de fraksjes fan CDA, Sociaal Links en ChristenUnie. Der lei al in konsept koälysjeakkoart klear, mar ChristenUnie liet witte gjin betrouwen mear te hawwen yn it CDA.

De oanstelling fan wethâlder Gerben Wiersma fan de ChristenUnie wie it brekpunt fan de koälysje. Der waard oankoerst op in oanstelling fan 0,7 fte, wylst de ChristenUnie graach woe dat dat in foltiidsoanstelling wurde soe. CDA hie hope om nije koälysjepetearen fiere te kinnen, mar waard ferrast mei it foarstel om it mei Gemeentebelangen foarinoar te krijen.

(advertinsje)
(advertinsje)