Harkemase Boys op eigen fjild folle beter as Magreb'90

Harkemase Boys hat tiisdeitejûn de ynhelwedstriid tsjin Magreb'90 mei grutte sifers wûn. Op De Bosk waard it 5-1 foar de Harkiten. Foar it skoft hie de ploech fan Henk Herder al fjouwer kear it net fûn.
Al nei sân minuten spyljen lei de balle achter Magreb-keeper Dielingen. Berwout Beimers, dy't fan it wykein yn de Fryske derby al trije kear skoarde, makke no wer de iepeningstreffer. Ferdigener Jens Jurn Streutker makke nei in pass fan Kevin Mennega de 2-0. Mennega joech ek de assist by de 3-0 fan Jesse Renken.
Flak foar it skoft skoarde Mennega sels. Betiid yn de twadde helte makke Mennega der mei in moaie frije traap sels 5-0 fan. Ouja makke de 'earetreffer' foar Magreb.
De wedstriid begûn in healoere letter, om't de Utrechters net op tiid op 'e Harkema wêze koenen.
Harkemase Boys - Magreb'90 5-1 (4-0) 8. Berwout Beimers 1-0, 24. Jens Jurn Streutker 2-0, 39. Jesse Renken 3-0, 44. Kevin Mennega 4-0, 53. Kevin Mennega 5-0, 90. Yasin Ouja 5-1