Ferlies foar froulju fan SC Hearrenfean

24 apr 2018 - 22:23

It wie in spannende wedstriid tiisdeitejûn tusken FC Twente, dy't thús spile, en SC Hearrenfean. De earste helte wiene der in pear grutte kânsen foar beide ploegen, mar dochs gie it spul mei brilstân it skoft yn.

Nei it skoft sette Cheyenne van den Goorbergh har Twintske ploech op 1-0. Net lang dêrnei skeat Fenna Kalma fan SC Hearrenfean de bal yn it doel. Joelle Smits bepaalde de einstân fan 2-1 foar FC Twente.

SC Hearrenfean stiet no op it fyfde en lêste plak yn de kampioenspûl.

(advertinsje)
(advertinsje)