Byld stellen by winkel

16 jun 2012 - 14:14

By in blommewinkel oan de Goudenregenstrjitte yn Ljouwert hat in 37-jierrige Ljouwerter freedtenacht in byld stellen. In tsjûge seach dat de man it byld op de fyts besocht mei te nimmen.

Plysjeminsken op de mountainbike koene him ynhelje. It byld hie er noch by him. It byld is yn beslach naam. It mes dat de man by him hie, is ek yn beslach naam.

Trefwurden: 
stellerij byld
(advertinsje)