LIVE: Ferhoaren oer ferbouwing De Lawei Drachten

25 apr 2018 - 09:00

Wat is der allegearre krekt misgien by de ferbouwing fan skouboarch De Lawei yn Drachten? Om dat yn byld te krijen sil in spesjale ûndersykskommisje de belutsenen befreegje. 

Foar de ferhoaren wurde twa dagen útlutsen. It begjint woansdeitemoarn om 9.00 oere mei direkteur Stef Avezaat fan De Lawei. Hy ferskynt frijwillich foar de kommisje. Om 11.00 oere is gemeentlik projektlieder Evert Visser oan bar en om 13:30 oere Tjeerd van Bekkum. Hy wie boargemaster fan de gemeente Smellingerlân yn de tiid dat De Lawei ferboud waard. Tongersdei ferskine dan de eardere wethâlders Nieske Ketelaar en Marja Krans foar de kommisje en as lêste de eardere controller Edgar Kuiper. 

De ferhoaren fine plak yn it Van der Valk-hotel yn Drachten. Se binne iepenbier en dus tagonklik foar publyk. De ferhoaren binne ek live te folgjen op de webside fan de gemeente.

(advertinsje)