Sint-Jânsgea wint Komplimint foar in oarlochsmonumint

24 apr 2018 - 21:44

It grêfmonumint foar Richard Jung yn Sint-Jânsgea is as winner út de bus kaam fan it Komplimint foar in oarlochsmonumint. Dit is in inisjatyf fan de provinsje en it Nasjonaal Komitee 4 en 5 maaie, yn oparbeidzjen mei Stichting Erfgoed en Publiek. De sjuery fynt it hiel posityf dat it doarp de bern by it monumint belûkt en boppedat it monumint fierder útwreidzje wol.

Dochs gienen ek de oare fjouwer nominearre oarlochsmonuminten net mei lege hannen nei hûs. It Fredesmonumint yn Ealahuzen, it Monumint foar Jan Eisinga op De Gordyk, it Monuminteplein yn Koarnwertersân en it Oarlochsmonumint yn De Pein krigen in oarkonde om de klam te lizzen op it belang fan de monuminten yn de omjouwing.

(advertinsje)