Doarpsbelang Marsum bliid mei fytstunnel

24 apr 2018 - 21:18

Doarpsbelang Marsum is bliid dat de provinsje lang om let jild frijmakket foar in feiligere rotonde by it doarp. Twa jier lyn krige Marsum mei de nije Heak om Ljouwert in rotonde by it doarp oan de N383, mei in trochstek nei Stiens, de saneamde Noardwesttangent. Pleatslik Belang siet lykwols yn noed oer de ferkearsfeiligens by dy rotonde, benammen foar fytsers dy't flak foar de rotonde oerstekke moatte.

De provinsje makke tiisdei bekend dat der goed 37 miljoen euro oerhâlden is oer 2017. Ien fan de projekten dy't dêr no fan profitearret is Marsum. De provinsje stekt 650.000 euro yn it feiliger meitsjen fan de rotonde troch it fytspaad ûnder de rotonde trochgean te litten. It is noch net dúdlik wannear't de wurksumheden krekt útein sette sille.

"Dit is folle feiliger foar de skoalbern en oare fytsers, mar dêrneist ek goed foar de trochstreaming fan it oare ferkear", seit Geert Verf fan Doarpsbelang Marsum.

(advertinsje)