Protest praktykskoallen en UWV tsjin ôfskaffen leansubsydzje

Skoallen foar praktykûnderwiis, it UWV en in tal wethâlders komme yn aksje tsjin de plannen fan it kabinet om de leansubsydzje sa't dy no bestiet, ôf te skaffen. Se roppe wethâlders yn Fryslân op om op 15 maaie nei in gearkomste te kommen. Dêr kinne de skoallen harren beswieren tsjin de ôfskaffing oan de steatssekretaris sjen litte. De skoallen hoopje dat de wethâlders de soargen dy't de skoallen dêroer hawwe, diele wol.
Jild foar wurknimmers mei in beheining
De skoallen komme op foar harren learlingen dy't troffen wurde troch de ôfskaffing fan de leansubsydzje as se in baan hawwe wolle. De leankostesubsydzje is ekstra jild foar wurknimmers mei in beheining. Sy kinne dan op dy wize dochs yn it gewoane arbeidproses meidwaan.
Lykweardigens
Troch de subsydzje ôf te skaffen en ek regelingen lykas pensjoenopbou ôf te bouwen, wurdt it foar de learlingen dreech om oan it wurk te kommen, as se fan skoalle komme. It taast de lykweardigens fan wurknimmers oan. Boppedat moatte de jonge minsken dan in hiel soad saken sels regelje, wylst se al kwetsber binne.
Gjin reguliere vmbo
It praktykûnderwiis is ornearre foar learlingen dy't yn it reguliere vmbo gjin diploma helje kinne. Foarhinne wie dat it spesjaal ûnderwiis foar dreech learende bern. Sevenwolden op It Hearrefean en Comenius yn Ljouwert binnen skoallen mei praktykûnderwiis.