Bouwmeester nei twa wedstriden op twadde plak yn Hyères

© ANP
Olympysk sylster Marit Bouwmeester fan Warten stiet nei twa races op in twadde plak yn it algemien klassemint by it wrâldbekersilen yn Hyères yn Frankryk. Bouwmeester hat yn de froulju Laser Radial-klasse in moaie start makke. Nei in yntinsive wintertraining hopet se op goede resultaten.
Op de earste dei fan de wrâldbekerwedstriid, moandei, stie der hast gjin wyn. Bouwmeester finishte har earste race as fjirde en by har twadde race waard se twadde. Goed foar in overall twadde plak. Bouwmeester seit dat hast alle aspekten dêr't se oan wurke hat goed giene. Dat jout har in goed gefoel.
Bouwmeester komt de kommende dagen wer yn aksje. Snein wurdt de lêste wedstriid fersyld.