Buerttún yn Snits nei njoggen jier klear

24 apr 2018 - 19:23

It hat lang duorre, mar de nije buerttún yn Snits is lang om let klear. Mei in soad boarterstastellen, bankjes, in grientetúntsje en in blommetún is it gebiet fan 3000 fjouwerkante meter in echt moetingsplak wurden foar de Snitsers.

Al yn 2009 wiene de earste plannen yn de buert om wat te dwaan mei it terrein dat tusken allegearre huzen yn lei. De eigener fan de grûn woe dêr 42 garaazjeboksen delsette, wat op in soad ferset rekkenje koe fan de buorlju. Der ûntstie in boargerinisjatyf mei foaroan Marjan Faber. Se hat de gemeente Súdwest-Fryslân derfan oertsjûge om it gebiet op te keapjen, sadat de omwenners der ek wat oan hiene.

Wat net ien op dat stuit wist, wie dat de grûn fersmoarge wie. Der siet asbest en it hiele gebiet moast sanearre wurde. Uteinlik hat de gemeente, mei in soad ynstânsjes, dy kosten op him naam en koe der begûn wurde mei it ynrjochtsjen fan it gebiet.

As earste kaam der in grientetúntsje, dêr't no ek al grienten út helle wurde. Op dit stuit stean der in skommel, in glydbaan, in fuotbalfjildsje en in soad bankjes. De blommetún is noch net sa fleurich, mar ek dy sil der yn de takomst moai bylizze.

Yn it programma Romte folge Omrop Fryslân in skoft lang ek ûnder oare hoe't de buerttún yn Snits ta stân kaam is.

Trefwurden: 
Snits tún
(advertinsje)
(advertinsje)